Jannewaris & febrewaris 2017
Jopie Huisman Museum
De foarstelling:
“Libje sûnder haat, fan haat komt haat”.
Klaasje Postma

Life is Beautiful - oktober 2016

In artikel oer Alice Herz-Sommer út de LC yn 2007 lit my net los. In frou dy’t tanksij har pianospyljen it konsintraasjekamp oerlibbet. Se hat humor, se is nijsgjirrich, optimistysk en tankber “for everything”. Mei har libbensmotto ‘Life is beautiful’ wurdt se 110 jier. Op 23 febrewaris 2014 is Alice ferstoarn.

Alle kearen as ik, fol bewûndering oer har “veerkracht” fertelle wol, sjit ik fol. It is dúdlik: Ik wol in foarstelling oer dizze frou meitsje en oer krêft fan de muzyk. Want muzyk giet fierder as hokker foarm fan keunst dan ek, seit se.
Alice Herz-Sommer is in Joadske frou, sûnder religy, “Bach ist God”.

life is beautiful motto klaasjeYn de kroech yn Jorwert kom ik Pauli Yap tsjin. Sy wit alles fan dy muzyk en boppedat is sy in geweldige pianiste en it klikt tusken ús.
Ik begjin materiaal te sammeljen, ik lês boeken oer Alice Herz-Sommer. Reizgje nei Praach en Theresienstadt (Terezin).

Ynienen wurdt it echt.

Spyllist Jannewaris/febrewaris 2017

Tink om de begjintiden!

Sneon 14 jannewaris: 16.30 oere*
Snein 15 jannewaris: 15.00 oere
Freed 20 jannewaris: 20.00 oere
Snein 22 jannewaris: 15.00 oere
Freed 27 jannewaris: 20.00 oere
Sneon 28 jannewaris: 16.30 oere*
Freed 10 febrewaris: 20.00 oere
Sneon 11 febrewaris: 16.30 oere*
Snein 12 febrewaris: 15.00 oere

*Ite nei ôfrin foar €12,50

Lokaasje Jopie Huisman Museum

Jopie Huisman Museum
Noard 6
8711AH Warkum
Telefoon: 0515 543 131